Meint Wiegersma

(leraar biologie en aardrijkskunde, oprichter van “it Fryske Gea”)

Doe’t yn 1919, nei de stifting fan de R.H.B.S. te Drachten, in ploechje leararen dêr begûn te pionieren ûnder de jeunesse dorée fan dat doarp en wide omkriten, doe wie Wiegersma dêr by. Hy joech “natuurlijke historie” en ierdrykskunde om dy jeugd yn é kunde te bringen mei Lichnis Flos Cuculi en it profyl fan Maarn. Hy wie fuortdaalks akseptearre, sawol troch de learlingen as troch de kollega’s. Hy kuiere dan ek altiten mei de deftichste leararen de HBSstrjitte op en del yn it kofjeskoft. Dy’t meikuiere, wie yn tel. De learaar “lichamelijke oefening” of dy foar “hand- en lijntekenen” soenen der net oer prakkesearje om mei te rinnen – der moast ûnderskied wêze yn de wrâld. Doe’t Hille Bolier, in pupil fan gimmestyklearaar Roel de Vries sakke wie foar de middelbere akte, kaam Wiegersma sabeare meilibjend mei de fraach: “Soa, de Vries, jo studint hat it net helle?” Wêrop De Vries, tige beret: “och nee, mar hy sil no op foar ierdrykskunde!
J.J. Spahr van der Hoek (in: De Strikel)

Volg ons op social-media

Deel oude foto’s en verhalen op Facebook of kom weer in contact met die oude schoolvriend of vriendin.

Je kunt 100 jaar Drachtster Lyceum ook volgen op YouTube en Instagram: @reunie_dl